DE HÛNEKOP
en dy

Stjer

Omskriuwing Projekt
Stjer is de earste echte Fryske blockbuster.It is in aksjekomedy fan hast twa oeren, dy't fan 1
april 2021 ôf yn de Fryske bioskopen te sjen is. (As Korona dat ta lit fansels.)
In grut ferskaat oan Fryske artysten sil yn de film te sjen wêze. Fan Iris Kroes oant Boer Frans, en
fia Gerrit Breteler nei Johannes Rypma oant Lytse Teake. Fansels spilet ek Fryske muzyk in
wichtige rol. Alle muzyk wurdt spesjaal foar de film skreaun.
 

It Ferhaal
Yn de film folgje wy Hûnekopsjonger Emiel Stoffers. Nei alle suksessen fan De Hûnekop is hy in
hy in arrogante, egotrippende, narsystische, frou unfreonlike, cocainesnuvende mispunt
wurden. Ek hat hy in swalker fan strjitte plukt, Freddy (spile troch Harm Bakker oftewol Danny
Pannadero) dy't allegear putsjes foar him docht.
Undertusken komme, ûnder fertochte omstannichheden, hieltyd mear artysten om. Geandewei
docht bliken dat it om in serymoardner giet, dy't it op Fryske sjongers fersjoen hat. Resjersjeur
Goaitske fan Goaitsen, spile troch Bertrie Wieringa, ûndersiket de saak en warskôget Emiel.
Emiel falt as in blok foar har.
Yn reaksje op de driging fan de moardner bombardeert Emiel Freddy ta nije sjonger fan de
Hûnekop. Emiel sels wurdt manager. Freddy ferstiet gjin Frysk en wit dus ek net wat der oan de
hân is.
Soks kin fansels net lang goed gean. Goitske en Freddy komme achter it bedroch. Hy rekket
harren beide kwyt. Sels de hûn Bauke ferlit Emiel. Tsjin alle ferwachtingen yn, hat Freddy ek
noch grut sukses as sjonger fan de Hûnekop, dus ek de band wol net mei Emiel fierder.
Hy hat no neat mear. Slagget it him om te feroarjen? Sil hy syn ferantwurdlikheid pakke en de
moardner trotsere? Om sa werom te heljen wat hy kwyt rekke is? Fan 1 april of is dat te besjen
op it grutte doek.


KLIK HJIR FOAR IN FETTE STJERPET!

Teaser:

Ôfleveringen StjerTV:

Media:


Artikel de Westreender 09-11-2020
Artikel Leeuwarder Courant 08-09-2020


Artikel Suksawat 01-09-2020


Artikel RTF NOF 02-09-2020




Folgje it nijs op de Hûnekop FB pagina:

Cast:

De Hûnekop, Harm bakker, Bertrie Wieringa, Griet Wiersma, Anneke Douma, Frerik de Swetser, Twarres, Marcel Smit, Jitiizer, Gewoon Bram, Jan Kobus Seuninga, Johannes Rypma, Teake v/d Meer, Iris Kroes, Jaap Louwes, Frans Zwaagstra en mear.......

Sponsoren: